Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_WAAD_2_FR

De see komt oer it lân: It Waad (diel 2)

10 Juny 2001

Yn dit twadde diel sjogge we oan fêste wâl, by de kust fan Marrum ûnder oare. Nei jierren fan ynpolderjen wie de Lauwerssee it lêste stik dat ynpoldere waard. In slykwurker fertelt hoe't eartiids wurke waard op de kwelders. No wurdt boerelân natuer. We sjogge ek oer de grins by de kust, yn Grinslân en yn Dútslân. It Noarderleech is no in plak dêr't fee weidzje kin.

Frysk Festival: de makkers fan it ABE spektakel

Frysk Festival 2: de makkers fan it ABE spektakel

10 Septimber 1995

It Frysk Festival hie as tema 'Salut au Monde' nei in gedicht fan Walt Whitman. It festival waard ien kear yn de fiif jier organisearre. Trije wiken lang brocht Fryslân in kulturele groet oan de wrâld fol mei tal fan ferskate projekten. Ien fan de grutte projekten wie in fuotbalteäterspektakel oer fuotballeginde Abe Lenstra yn it stadion op It Hearrenfean. Yn it stik wurdt it libbensferhaal fan Abe ferbylde mei dêrtusken troch de ferneamde wedstriid fan Hearrenfean tsjin Ajax dy't de Friezen nei achterstân dochs wûnen.

LINKK 05: Ferkear

LINKK 05: Ferkear

02 Febrewaris 2001

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer ferkear. Hoe wurdt asfalt makke, we sjogge by asfaltearjen, skaten en by in frachtweinsjauffeur.