Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Geert! S02E01: De Tynje

Geert! S02E01: De Tynje

16 Maart 2004

Geert van Tuinen is yn it doarpshûs fan De Tynje. Hy praat mei Jan Overwijk, de 'boargemaster' fan it doarp, mei Elisabeth Tangel, se skilderet ikoanen. Fierder in petear mei twa nasjonaal kampioenen combinerace Reinder van der Meer en Nynke Vries en Cor de Jong dy't al jierren it karnaval organisearret. En Geert bringt in besite oan it Opelmuseum dêr't er praat mei sammeler Meindert van Wijk. De live-muzyk komt fan de Fryske band Opskuor.

MAKINGOF_PEER_GYNT_110699

Spegels: the making-of Peer Gynt

11 Juny 1999

Spegels wie by de repetysjes fan Tryater foar 'Peer Gynt', it iepeningsteaterstik fan Oerol 1999 op it strân by Easterein.

LTV_Yn-de-neidagen-fan-Ed-Nijpels_WR

Yn de neidagen fan Ed Nijpels

13 April 2008

Ed Nijpels hâlde yn 2008 nei njoggen-en-in-heal jier op as kommissaris fan 'e keninginne yn Fryslân. Omrop Fryslân folge Nijpels yn de slipstream doe't syn ôfskied tichterby kaam, fan de steateseal nei polityk Den Haach oant syn wenbuorkerij yn Diken.