Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_MEAR_AS_GRAVE_250296_WR

Mear as grave: archeologyske fynsten

25 Febrewaris 1996

Ut de terpen fan Fryslân binne tal fan archeologyske fynsten dien en ek no wurdt noch ûndersyk dien. It giet om foarwerpen út de iere midsiuwen. Ferneamd binne de fynsten fan Winaam, lykas de fibula. Alles wat dêr fûn is, wurdt besjoen yn it Biologisch Archeologisch Instituut yn Grins. Ek sjogge we by archeologen yn it fjild en by meiwurkers fan stichting Raap, dy't besjocht hoe't archeologyske terreinen better beskerme wurde kinne. Tal fan frijwilligers sitte by it Archeologysk Wurkferbân, se binne nedich foar al it wurk.

Wyn op Woansdei: Flechtlingesoarch

Wyn op Woansdei: Flechtlingesoarch

06 Maart 2018

Programmamakker Gerard van der Veer berjochtet oer de skaadkanten fan de nije frjemdlingewet. Wylst polityk Den Haag it sukses fiert fan it weromrinnend tal asylsikers, wurde oeral yn it lân hieltyd faker asylsikers op strjitte set. Hy folge oardel moanne de frijwilligers fan de Stichting Vluchtelingenzorg Wûnseradiel, dêr't Jos Buis de driuwende krêft fan is. De stichting fangt 30 asylsikers op, dy't de ôfrûne fjouwer moannen út de AVO fan Wytmarsum set binne. Guon binne noch net útprosedearre, mar ha gjin rjocht mear op opfang.

LTV_Ferdronken-ferline_WR

Ferdronken ferline

12 Novimber 2006

Yn de rin fan de iuwen binne hiel wat doarpen, stêden en eilannen yn it wetter ferdwûn. We sjogge by trije projekten fan stikken ferdronken lân. By Eanjum litte terpôfgravingen sjen dat minsken op in terp wennen om har te beskermjen tsjin it wetter, der wienen noch gjin diken. Op Skiermûntseach binne ûndersikers al in jier lang op syk nei spoaren fan it eardere eilân Bosch. En archeologen en archeologyske ûndersikers stride oer it wol of net bestean fan Esonstêd, dat dogge se mei boarnen en opgravingen.