Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

It Wetter Op 3: Starum-Enkhuzen

It Wetter Op 3: Starum-Enkhuzen

21 July 1999

Ferslachjouwer Albert Jensma en kameraman Gerko Jonker meitsje mei de boat de oerstek fan Starum nei Enkhuzen en prate mei ferskate passazjiers, steward Henk van Dokkum en kapitein Martin Kranendonk. Jierliks set de boat sa'n 140.000 minsken en 60.000 fytsen oer. De earste farferbining wie yn 1886. Op it hichtepunt makken 400.000 minsken yn it jier gebrûk fan de ferbining oer de Iselmar. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.

Keatse yn Europa 7

Keatse yn Europa 7

10 July 1997

Keatse yn Europa. Oflevering 7: Mear as sport

7de klasse A 02: Donkerbroek - Snits

7de klasse A 02: Donkerbroek - Snits

16 Septimber 2002

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. Dizze wike: Donkerbroek - Snits 4-2.