Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

It Petear: Piet Paulusma

It Petear: Piet Paulusma

24 Jannewaris 1995

Klaas Jansma ynterviewt waarman Piet Paulusma.

SADWAANDE_KOMPILAASJE_230699

Sadwaande: kompilaasje 1998/1999

23 Juny 1999

Yn dizze kompilaasje fan it seizoen 1998/1999 fan Sadwaande neist de aardichste kwoots, ek it ferfolch op de plannen foar de wenwyk by Himpens-Tearns. Presintatrise Ingrid Spijkers blikt yn de studio mei Rindert van der Zwaag werom op ien fan de earste ôfleverings. En hoe fergie it de winner fan de starterskompetysje, C/Quense út Snits?

It Wetter Op 11: Doede Veeman

It Wetter Op 11: Doede Veeman

25 Augustus 1999

Ferslachjouwer Afke Meekma en kameraman Dirk Hofstede binne op de Burgumermar yn in boatsje mei sjonger Doede Veeman. Hy hat jierren lyn in protestliet makke tsjin de komst fan de elektrisiteitssintrale oan de mar. Dy is nettsjinsteande fûle protesten yn 1974 yn gebrûk nommen. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.