Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sjoch mar: Robur op Skylge

Sjoch mar: Robur op Skylge

13 Oktober 1997

Se sjogge it as in soarte fan skoalreiske: de spylers fan Robur út Harns moatte tsjin S.C. Terschelling. Arjen de Boer giet mei nei it eilân om dizze spannende sneinsfuotbal fan de 5de klasse te sjen.

Seis_Gymnasium_2

6 Gymnasium diel 2

14 Juny 2005

Yn dizze ôflevering giet it om Roos en Remco. Roos is aktyf yn it bestjoer fan de learlingeferiening LGC. Drok mei it organisearjen fan feesten en fuiven, mar der moat fansels ek presteard wurde. En Gryks is har swakke plak. Alle wiken giet se dêrom nei byles. Fierder it ferhaal fan Remco. Remco hat it eins wol hân op skoalle en hat lêst fan in motivaasjedip, ta grutte argewaasje fan de dosinten. Om alles yn goeie banen te lieden komt der in pittich petear mei de direkteur.

SADWAANDE_020998_V2

Sadwaande: Kleur

02 Septimber 1998

Dizze Sadwaande giet hielendal oer kleur. We sjogge by it fervefabryk Akzo Nobel yn Snits, prate mei in ynterieurarsjitekt dy't bedriuwen en partikulieren advisearret oer kleurgebrûk.We sjogge by in partikulier dêr't er saken feroare hat. Ap Timmermans is fan de wolstânskommisje Hûs en Hiem dy't besjocht oft kleurgebrûk fan hûzen past yn it strjitbyld. We prate mei in reklameburo dat logo's ûntwerpt foar bedriuwen en kleuren binne belangryk om't se bepaalde assosjaasjes oproppe. Ingrid lit útsykje watfoar kleurtype oft se is.