Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

7de klasse A 18: EBC Easternar - Dokkum

7de klasse A 18: EBC Easternar - Dokkum

21 April 2003

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. Yn 95 minuten en 6 punten te fertsjinjen. De oare fiif minuten gestaakte wedstriid EBC - Dokkum moatte ek spile wurde. Dokkum - EBC 4-1 . Eindstand EBC - Dokkum bliuwt 2-2 .

LTV-Underduke-yn-it-Lege-Midden_WR

Underdûke yn it Lege Midden

09 April 2006

Hans de Haas kaam as jonge yn 1944 mei syn heit Roelof Horreüs de Haas (biologylearaar) as ûnderdûker nei de pleats Heach Hiem yn de Alde Feanen, by de famylje De Boer. Heit lei fan alles fêst (yn tekst en byld) oer dy perioade, fan oerstreamingen oant reedriden. Soan Hans fertelt deroer en lit fan alles sjen. Der is in tentoanstelling yn it Fersetsmuseum en ek giet er werom nei de pleats.

De Nije Skoalle 4: LBO en MBO

De Nije Skoalle 4: LBO en MBO

28 Jannewaris 1988

De Nije Skoalle is in rige út 1988 oer de kar fan in ferfolchoplieding nei de basisskoalle. De fjirde útstjoering giet oer it LBO en MBO. As de bern in kar makke hawwe foar de MAVO, dan kinne se dêrnei trochgean op it leger of middelber beropsûnderwiis. Ferskate rektoaren, leararen en oare saakkundigen fertelle oer dizze opliedings.