Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_WEROM_NEI_AUSCHWITZ

Werom nei Auschwitz

28 April 2002

Herman Zilverberg (1920) fan Drachten giet werom nei it kamp Auschwitz I en Auschwitz II (Birkenau). Yn april 1945 is er befrijd. Wylst er troch it kamp rint, fertelt er oer de reis en wat er yn it kamp meimakke hat.

180705_SADWAANDE_OER_TEATER_10_03_1999.mp4

Sadwaande: Teäter

10 Maart 1999

Dizze Sadwaande giet oer teäter. We prate mei de direkteur fan it Posthuis Theater op It Hearrenfean. Ek sjogge we achter de skermen by Tryater dêr't meiwurkers útlizze wat se dogge. We folgje aktrise Tamara Schoppert ûnderweis nei in bernefoarstelling yn Haarlem. En we leare oer de technyk op it toaniel yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert.

ABD-sjoo 0208

ABD-sjoo 0208

15 April 2003

Yn de achtste ôflevering fan it twadde seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen It Klimmerblêd út Sint-Nyk en de Sint Mattheusskoalle fan De Jouwer it tsjin inoar op. Yn de filmkes sjogge we by de sirkusskoalle yn Ljouwert, keunstner Hans Jouta, by in autodemontaazjebedriuw yn Broeksterwâld en it atelier fan Alie Slot yn Wurdum, se hat allegear pruken en petten foar toaniel. Te gast is Johan de Jong mei in goudûle. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).