Lân fan Dream en Winsken: diel 1: Pella, Iowa
We folgje twa Friezen om utens dy't nei Amearika emigrearre binne. Se wenje it midwesten yn Pella, yn de steat Iowa. Dêr wenje in soad emigranten út Nederlân en Fryslân. Bouboer Tom (Tabe) de Vries makke yn 1948, hy wie doe 20 jier, de oerstek mei de boat út Rotterdam wei. Hy hat in grut bedriuw fan 400 bunder. De pake fan Ralph Jaarsma kaam yn 1882 nei Amearika en begûn in bakkerij. Dat bedriuw bestiet noch altyd, se meitsje Nederlânske produkten as spekulaas en bûterkoeke. Se fertelle oer har libben en wat Fryslân foar har betsjut. We folgje ek it Burgumer Manljuskoar dat in optreden fersoarget yn Pella. Henk Kroes makket de besikers, mei Fryske woartels, fan it konsert alfêst waarm foar de grutte Friezereüny Simmer 2000.