Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Van Tuinen Thuis by Sjoerd Burggraaff

Van Tuinen Thuis by Sjoerd Burggraaff

12 Septimber 2001

Thús by Sjoerd Burggraaf yn Frjentsjer, arsjitekt en ûntwerper fan de wyk Frisia yn Frjentsjer, dêr't er sels ek wennet.

Wurktiid TV: Produkten fan it Waad

Wurktiid TV: Produkten fan it Waad

08 Maaie 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer ferskate produkten fan it Waad. In nije stichting promoatet dúnbei- en cranberrywyn en boeretsiis. We sjogge by de tsiismakker en de wynmakker, by de boer dy't molke leveret en by de cranberrypluk.

Baas Boppe Baas 0206: Strak kontsje

Baas Boppe Baas 0206: Strak kontsje

11 Novimber 2002

Dramasearje oer de famylje Baas mei Beant Baas, Joukje Baas, Sjoerd Baas, Talieta, Cynthia Baas, Afke Baas en Bennie. Binnen it follybalteam ûntdekt Afke net winske yntimiteiten. Se fertinkt har coach, Wiebe Fokkema, in kroechmaat fan Beant, want hy liket nochal fertocht.