Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Fryslan yn de Tritiger jierren diel 5: Boereleed en boerehope

Fryslan yn de Tritiger jierren 5: Boereleed en boerehope

11 Novimber 1989

It programma ‘Fryslân yn de tritiger jierren’ jout mear ynsicht yn krisistiid fan de jierren tritich. Dizze ôflevering giet oer it buorkjen yn de jierren tritich. De boeren hiene it swier en moasten rûnkomme fan in pear sinten.

ABD-sjoo 0106

ABD-sjoo 0106

12 Maart 2002

Yn de sechsde ôflevering fan it earste seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen Aasterage út Marrum en de Wâlikker út Aldemardum it tsjin inoar op. It tema fan dizze ôflevering is bedriuwen. Yn de filmkes sjogge we by klompmakkerij Scherjon en tsiisbuorkerij De Deelen. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).

LTV_TRANSPORT_1919_1

Transport 1919: diel I

24 April 1993

Programmamakker Gryt van Duinen siket it spoar fan tal fan Hamburger bern werom dy't yn 1919 nei de Earste Wrâldoarloch by Fryske famyljes ûnderbrocht waarden om oan te sterkjen. Der wie in soad honger yn Dútslân en dêroerhinne kaam ek nochris in krisis. Ien fan har wenne by har pake en beppe yn Hallum. Se praat mei (âld)Hallumers dy't dat noch witte en siket de bern fan doe ek op.