Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

FRYSLAN_LESTE_OARLOCH_2_WEROMROP

Fryslân yn de lêste oarloch 2: In Joadsk jonkje op It Bilt

15 April 1990

Yn in rige fan fjouwer dielen sjogge we werom op de Twadde Wrâldoarloch. Yn diel twa komt Isaäc Lipschits oan it wurd. Hy kaam as 12-jierrige Joadske ûnderdûker yn 1943 by de famylje Balt op de pleats oan de Alde Biltdyk yn Sint-Jabik. Hy kaam fan Rotterdam dêr't syn famylje de Joadestjer drage moast. It wie feiliger om ûnder te dûken en fia fia kaam er yn Fryslân telâne. As stedsjonge moast er no meihelpe op de pleats. Hy krige in oare namme, Cornelis de Boer, en gie sa ek nei skoalle.

Tûkelteammen 0108

Tûkelteammen 0108

19 Novimber 2002

De dielnimmers oan dizze taalkwis binne yn team 1: politikus Joop Atsma en Reinder Reitsma; team 2: boargemaster Johanneke Liemburg fan Littenseradiel en Lútsen Bakker.

De Nije Moanne: Jong talint - om de goede toan

De Nije Moanne: Jong talint - om de goede toan

31 Jannewaris 1993

Trije jonge minsken dy't libje foar de keunst. Ido Jan Stalman komt fan Drachten en is trompettist yn Enschede, Ra van der Hoek is byldzjend keunstner, se hat in atelier yn Ljouwert en Kees Glimmerveen is skriuwer, hy komt oarspronklik fan Ferwert.