Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0603

Sybe Satellyt 0603

07 Novimber 1995

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht by de útstalling yn it Frysk Natuermuseum oer heksen en poddestuollen, Manon Borst fertelt deroer. Ek sjocht Sybe by sjampinjonkwekerij Fungi Frisiae yn Feanwâlden en praat er mei Jelle Sixma en hy praat mei Lina van Asselt oer de soarten sjampinjons yn har grientewinkel.

OEROL_1999_REPO

Reportaazjes Oerol 1999

10 Juny 1999

Reportaazjes út de programma's Hjoed en Boppedat oer it festival Oerol 1999 op Skylge. 10/6: Oerol-besikers soene foar 10 oant 15 persint fan de omset fan de toeriste-yndustry op Skylge soargje. 12/6: Lyryske reaksjes op it iepeningsstik Peer Gynt troch Tryater. 17/6: Schuurtjestheater mei Kris Niklison. 30/6: Krityk op lokaasjeteater fanwege de skea oan de natuer.

Wurktiid TV: Stylist

Wurktiid TV: Stylist

11 Desimber 1996

Gido Leffring presintearret dizze Wurktiid TV, hy siket in baan yn de kommersjele sektor. Baan fan de wike is in stylist by De Huismus, ynterieurwinkel yn Ljouwert. We sjogge by in strúsfûgelfokkerij yn Ketlik. Ek sjogge we by it emansipaasjeburo dat mear froulju yn bestjoersfunksjes krije wol.