Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Bedriuwsfitness by de Postbank

Wurktiid TV: Bedriuwsfitness by de Postbank

31 Jannewaris 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer bedriuwsfitness by de Postbank yn Ljouwert. Under wurktiid kinne wurknimmers sporte, lykas fitness, fytse en roeie. Elk krijt in persoanlik skema en sport ûnder begelieding. It helpt tsjin rêchklachten, hege bloeddruk en it sil ek ynset wurde as middel om stress tsjin te gean. K. Steenbeck, sportbegelieder en de wurknimmers K. Overweel, H. Lukkes en I. de Vries fertelle deroer en ek M. van Hoewijk fan personielssaken.

Sybe Satellyt 0107

Sybe Satellyt 0107

07 Maaie 1991

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht by it ôfbrekken fan âld-suvelfabryk Freia yn Feanwâlden. It fabryk wurdt nij opboud yn it iepenloftmuseum yn Arnhem. Ek sjocht er by de bern fan De Wikel yn Burgum dy't proefkes dogge en sjocht er by it asfaltearjen fan de nije dyk tusken Grou en Ljouwert. En Chris Waalen fan Natuurmuseum Fryslân fertelt hoe't er it skelet fan in earder oanspielde potfisk yn elkoar set.

Baas Boppe Baas 0101: De projektûntwikkelder

Baas Boppe Baas 0101: De projektûntwikkelder

01 Jannewaris 2001

Beant Baas is it net iens mei de nije plannen foar in lúkse jachthaven en appartemintekompleks yn syn doarp. Mar syn skoandochter Talieta liket it wol moai ta en se sil prate mei de projektûntwikkeler oer it appartemintekompleks. Mar de projektûntwikkeler wol dan eins wat oars as prate...