Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Fryslan yn de Tritiger jierren diel 1: Wurk of gjin wurk

Fryslan yn de Tritiger jierren 1: Wurk of gjin wurk

11 Novimber 1989

It programma ‘Fryslân yn de tritiger jierren’ jout mear ynsicht yn krisistiid fan de jierren tritich. Baukje Fokkema en Wierd Visser fertelle yn de earste útstjoering hoe de situaasje wie mei harren wurk.

180705_SADWAANDE_OER_MOADE_01_12_1999.mp4

Sadwaande: Moade

01 Desimber 1999

Dizze Sadwaande giet oer moade. We sjogge by Magister Alvinus yn Snits watfoar klean oft de learlingen oan hawwe. Der binne ferskate stilen: gabber, house, kak, alternatyf. De ien hat in 'hanenkam', de oar hat merkklean. We prate mei de ynkeaper fan kleanwinkel Skooter dy't boppe-op de trends sit, en wat is it nut fan bedriuwsklean? Ta beslút sjogge we by in kursus mannequin, hoe moatte je as model rinne? Prinses op learzens showt allerhanne klean.

Sjoch mar: Jiu Jitsu

Sjoch mar: Jiu Jitsu

14 Augustus 1997

Arjen de Boer knokt by de Jiu Jitsu feriening yn Ljouwert.