Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

De Nije Moanne: Skoalfúzjes

De Nije Moanne: Skoalfúzjes

14 Maart 1993

Yn de measte gefallen keallet it swier as in skoalle opgean moat yn in gruttere organisaasje of dat in iepenbiere en kristlike skoalle fusearje moatte. It Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert giet op yn skoalmienskip Delta, mar dêr is lang net elkenien it mei iens. Yn Wurdum komme beide skoallen net by elkoar as it giet om in fúzje. Wol goed giet de gearwurking tusken NHL en Van Hall, se ha in stúdzjerjochting biotechnology opset.

LINKK 07: De Ferkenning

LINKK 07: De Ferkenning

20 April 2001

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer de ferkenning. We sjogge by in fjoertoerwachter en in boskwachter en learlingen fan it Dockinga kolleezje fertelle oer har ferkenning fan de leafde.

Tritigers 0204: Wurk

Tritigers 0204: Wurk

30 Septimber 2003

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Johannes Kramer, Jan Wartena, Marijke Rijpma, Bob Sikkema, Meindert Talma, Janske Wielinga, Froukje Hernamdt dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it fjirde diel fan de twadde searje in reportaazje oer Jelte Groen. Hy wie 32 doe't er as beropsmilitêr nei Srebrenica gong dêr't er ien fan syn manlju ferlear.