Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180706_SADWAANDE_OER_FUGELS_24_03_1999.mp4

Sadwaande: Fûgels

24 Maart 1999

Dizze Sadwaande giet oer fûgels. We sjogge by in parkiteman dy't al 40 jier parkiten hâldt en der ynternasjonaal sukses mei hat. Mei fûgelteller Romke Kleefstra binne we yn it lân om de guozzen te tellen en we prate mei neisoargers by Grou. De konservator fan it Fries Natuurmuseum fertelt allerhanne saken oer fûgels.

BOPPEDAT_070197_RepoWeromsjenKroesVenema

Kroes en Venema sjogge werom op de Alvestêdetocht

07 Jannewaris 1997

Alvestêdefoarsitter Henk Kroes en iismaster Venema sjogge werom op de Alvestêdetocht fan 1997. Dagenlang wienen se yn tou en net út de media te slaan. Beide sjogge werom; Kroes oan it moarnsbrochje mei syn frou thús yn Boazum en Venema op it iis fan de Ljouwerter Prinsetún.

Baas Boppe Baas 0102: Oars as Oaren

Baas Boppe Baas 0102: Oars as Oaren

01 Jannewaris 2001

Beant Baas komt de ideale skoansoan foar syn dochter Afke tsjin. Mar Afke sit lykwols mei in grut geheim. Hoe moat se dit fertelle oan har âlden?