Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

SADWAANDE_141101_NIJHUS

Sadwaande: Nij hûs

24 Novimber 2001

Dizze Sadwaande giet oer in nij hûs. Wat komt der allegear sjen by it bouwen fan in nij hûs? Foardiel is dat je alles nei eigen smaak dwaan litte kinne, mar neidiel is dat it faak djoerder útfalt en letter klear is as ôfpraat. Mei in boukundige binne we by de oplevering fan in nij hûs yn Zuiderburen yn Ljouwert. En we krije tips fan in hypoteekadviseur. Floris wennet ek yn in nij hûs, is dat goed gien?

FRYSLAN_LESTE_OARLOCH_1_WEROMROP

Fryslân yn de lêste oarloch 1: Maaiedagen yn Makkum

08 April 1990

Yn in rige fan fjouwer dielen sjogge we werom op de Twadde Wrâldoarloch. Yn diel ien de oanrin nei it begjin fan de oarloch. Hoe waard dy tiid belibbe yn Makkum en omstreken? Gertrud Faber-Hornstra, Pieter Tichelaar en Annie Keuning-Tichelaar, Bauke Kamstra en Willem Braam (doe soldaat) fertelle oer har oantinkens oan it begjin fan de oarloch. It giet oer de mobilisaasje, de Wûns-stelling, dat Makkumers flechtsje, oefeningen fan de Luchtbeschermingsdienst, striid by de Ofslútdyk, it bombardemint Rotterdam en dêrnei de kapitulaasje en de yntocht fan de Dútsers.

No Wy: De anderen

No Wy: De anderen

10 Oktober 2000

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering stiet in toanielfoarstelling sintraal, De anderen. It is in stik yn regy fan Gooitsen Eenling spile troch learlingen fan de Friese Poort. It giet oer de Twadde Wrâldoarloch en geweld. Piet Bleeker filme de foarstelling en in besite oan konsintraasjekamp Dachau. Hy lit boppedat sjen dat geweld ek hjoed-de-dei foarkomt, bygelyks tsjin homo's yn de trein. Ek komt in oerlibjende oan it wurd, C.C. Steensma.