Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_OMMAGIO_091197_WR_2

Frysk Fanfare Orkest op wei nei it WMC

09 Novimber 1997

We folgje it Frysk Fanfare Orkest op wei nei it Wereld Muziek Concours (WMC) yn Kerkrade. Al twa kear ha se wrâldkampioen west, helje se dat no wer? We sjogge by de repetysjes, dirigint Jouke Hoekstra fertelt hoe spesjaal it orkest is om't de leden ek sosjaal in hechte klup foarmje. Ek folgje we twa leden fan it orkest: Durk-Jorrit van der Eems en Fenny Haagsma, se fertelle oer de bân mei har ynstrumint. En we folgje de dei fan it optreden, de reis derhinne, it wachtsjen, it optreden en de útslach fan de sjuery.

LTV_40jier-tryater_v3_doku_WR

40 jier Tryater

11 Septimber 2005

Fjouwer artistike lieders sjogge werom op 40 jier Tryater: Thom van der Goot (1980-1985), Guido Wevers (1985-1990), Peter te Nuyl (1990-1993) en Jos Thie (1994-2003). Se fertelle oer de krêft fan it selskip, de kar fan it repertoire, de kar tusken tradysje en fernijing en wat se as hichtepunten beskôgje. Mei argyfbylden fan stikken as Abe (1995), De feint fan twa masters (1986), It Kersehôf (1993), Boeren stjerre (1987), De ûndergong fan Fryslân (1991), Pak 'm Stanzi (1999), Achter de Tobbe (1988), Kening Lear (2003).

CAMPING_7_WR

In dei op de camping 7: De Vlegel yn Sânhuzen

03 Septimber 1997

Sfearympresje fan de camping en de gasten. De Vlegel is de iennige camping foar homoseksuele manlju yn Europa. De gasten komme oeral wei, net folle út Fryslân.