Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

MG tefee mei Sybe Satellyt 16

MG tefee mei Sybe Satellyt 16

06 Maart 2003

MUB (Man út Burgum) en Gabe stjoere Sybe Satellyt ôflevering 16 út 1995 út op harren stjoerder MG Tefee. Pastoar Van der Wal fertelt oer karnaval. Boer Halbe Klijnstra fertelt oer syn wynmole en keunstner Ids Willemsma hat der ek wat oer te sizzen.

180706_SADWAANDE_OER_THUSSOARCH_16_09_1998.mp4

Sadwaande: Thússoarch

16 Septimber 1998

Dizze Sadwaande giet oer de thússoarch. Hieltyd mear minsken ha soarch nedich. We sjogge by soarchfersekerder De Friesland, thússoarch De Friese Wouden, Hulpmiddelencentrum en de Griene Krúswinkel. Ingrid helpt by de famylje Leyenaar yn Dronryp dy't alle wiken thússoarch krije.

LTV_MINIMUM_230397_WR

De striid om it minimum: portret fan in wao'er

23 Maart 1997

De Wâlden is fan âlds in streek mei in soad earmoede en in hege wurkleazens. Noch altyd ha minsken yn de gemeente Achtkarspelen gemiddeld minder te besteegjen as op oare plakken. Boadzer en Tjits Bruining fertelle har ferhaal, se ha it net breed. Boadzer wie earder strjitmakker, krige letter wurk as konsjerzje op in skoalle mar ferlear syn baan troch besunigings. Hy is foar in part arbeidsûngeskikt ferklearre en no driget wer in koarting. In beswier is oantekene. Ek minsken fan ynstânsjes en de wethâlder komme oan bod.