Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FryslanDOK_Fierljeppers-yn-Korea-2_WR

Fierljeppers yn Korea (diel 2)

03 Jannewaris 2009

Twadde diel fan de dokumintêre oer Fryske fierljeppers dy't yn Súd-Korea meidogge oan de Olympyske Spelen foar net-olympyske sporten. De sporters meitsje ek in slach oer de merk yn de stêd Busan. De Súd-Koreanen hawwe grutte belangstelling foar de fierljepdemonstraasje. Organisator Christophe Mennier komt letter ek nei de fierljepskâns yn Drylts. Hy hat allegear ideeën om de sport noch oantrekliker te meitsjen foar it publyk.

De Nije Moanne: Lânbou op dreef

De Nije Moanne: Lânbou op dreef

17 Maaie 1992

Fernijingen yn de lânbou. Lolle Lodewijk yn Sint-Anne hat de jierappel fan de takomst, in skylde, fakuüm ferpakte en foargeare jierappel dy't binnen fiif minuten op tafel stiet. Yn Seisbierrum wurkje paprikatelers Cees Groenewegen en Nynke Hilverda op biologyske wize. En der is in prototype fan in melkrobot betocht. Meiwurkers fan de praktykskoalle fertelle der ûnder oare oer.

180705_SADWAANDE_OER_WAARMTE_23_12_1998.mp4

Sadwaande: Waarmte

23 Desimber 1998

Dizze Sadwaande giet oer waarmte. In húsdokter leit wat út oer de temperatuerhúshâlding fan it lichem, we sjogge by kachelbouwer Faber en prate mei de kachelspesjalist oer de ferskate types. Ingrid is by in Reiki-master en we prate mei in psycholooch.