‘It giet oan!’
De fyftjinde 'Tocht der Tochten' sil op fjouwer jannewaris 1997 plak fine, dat fertelde Henk Kroes, foarsitter fan de Alvestêdeferiening yn in parsekonferinsje. Yn dizze útstjoering fan Hjoed wurde ferskate aspekten fan de tariedings op de Alvestêdetocht besprutsen: de knipepunten by Snits en Harns, de favorite wedstrydriders, de grutte minskemassa dy’t ferwachte wurdt, en in portret fan in man dy’t de tocht sil ride mei trije hakken.