Wyn op woansdei: Iel
Programmamakker Albert Jensma dûkt yn de wrâld fan de iel. Yn 'Hoera, de iel rint', docht er in speurtocht nei dat mysterieuze langwerpige lekkers, dat sûnt ferline jier op de reade list fan bedrige diersoarten stiet. De fraach is oft de leafhawwers fan rikke iel harren soargen meitsje moatte. Oan it Fryske kampioenskip ielrikjen diene dit jier mar leafst 79 hobby-rikkers mei en guon fan harren koene allinnich mar oan kweekiel komme. In reis by in stikmannich ielkenners del stimt Albert Jensma hoopfol foar de takomst. Oan de Rijksuniversiteit fan Leiden sleutelet Arjan Paltra oan it geheim fan de fuortplanting, wylst Klaas Kuiken fan Roptasyl der foarearst foar soarget dat der noch genôch glêsiel de Fryske binnenwetters yn komt. Iselmarfiskers. Fimme en Haiko Bootsma binne op it stuit wol lokkich mei wat se fange. Allinnich ielkweker Johan Troelstra makket
him soargen. Neffens him is der sels tefolle (kweek)iel om in goeie priis meitsje te kinnen.