Fryslân yn de lêste oarloch 3: De april/maaiestaking fan 1943
Yn in rige fan fjouwer dielen sjogge we werom op de Twadde Wrâldoarloch. Yn diel trije stiet de staking fan 1943 sintraal. Fan de Dútsers moasten de mannen dy't ûnder de wapens west hienen, kriichsfinzen nommen wurde moatte. Dêr kaam in soad protest tsjin en tal fan minsken gienen yn staking. Boeren leveren gjin molke mear oan it fabryk. Boargemaster Johannes Brandsma fan Ljouwert fertelt oer dy tiid en dat docht ek de famylje De Jong dy't by Bartlehiem buorke en Wiebe Leenstra, direkteur fan it bûterfabryk. Ek hearre we fan de stakingen yn Aldegea (W.) dy't dêr wat letter op gong kamen. De petearen wurde ôfwiksele troch argyfbylden.