De fiifsprong yn Ljouwert
Tal strjitten kamen op de fiifsprong yn Ljouwert út, lykas de P.J. Troelstrawei en de Spanjaardsleane. It wie yn de oarloch in rike buert dêr't toskedokters wennen en Joadske ûndernimmers. Toskedokter Ruurd Rodenburg filme yn de oarloch wat op strjitte barde, dat die er stikem tusken de gerdinen troch. Hy filme kloften minsken dy't rinnende ûnderweis wienen nei it fleanfjild om dêr te wurkjen, Dútsers op strjitte en it opheljen fan de Joadske famylje De Jong. Net ien fan har oerlibbe de oarloch, sa docht bliken út ûndersyk yn it befolkingsregister. Harm Witteveen en Dolf Schönfeld wienen jonge jonges yn de tiid fan de Twadde Wrâldoarloch, se fertelle oer har jeugd yn dy buert en hoe't sy dy jierren belibben. Se fertelle ek oer it momint dat de Kanadezen yn Ljouwert kamen. Pieter de Vries fertelt ek oer syn jeugd, syn heit waard lid fan de NSB en hy lid fan de Jeugdstorm. Dokumintêre mei in soad argyfbyld fan de oarloch.