Boppedat 1998 Minderheden yn Dútslân 3

08 April 1998

Yn it easten fan Dútslân groeit de belangstelling foar de folklore en tradysjes fan de Sorbyske minderheid. De Sorben binne in Slavysk folk fan 60.000 minsken yn de dielsteaten Brandenburg en Saksen yn de eardere DDR. Hoewol't de belangstelling foar de kultuer grut is, giet it net goed mei de Sorbyske taal. Yn Brandenburg bygelyks, wurdt de taal allinnich noch mar praat troch minsken fan 60 jier en âlder. In folslein Sorbysktalige Kindergarten moat der feroaring yn bringe.