Sadwaande_17_06_2002_Boerum

Sadwaande: Skûtels

17 Juny 2002

Dizze Sadwaande giet oer de skûtels yn Boerum. It grûnstasjon fan de satellytkommunikaasje is yn 1973 boud. We sjogge wat se der krekt dogge en wêr't de skûtels foar brûkt wurde, lykas telefoan, telefyzjesinjalen en it waar foarsizze. Ek leare we wat oer de skiednis. Floris is op syk nei de grutte earen fan it doarp.

SADWAANDE_120602_HURDDRAVE

Sadwaande: Hurddrave

12 Juny 2002

Dizze Sadwaande giet oer hurddrave. In soad minsken drave, de ien wat fanatiker as de oar. We sjogge by in wedstriid yn Wytgaard mei ferskillende ôfstannen. Ek sjogge we by it belang fan rinskuon en wat docht in keuringsdokter? Yn in dûbelportret prate we mei sporter Maaike Hornstra en rekreant Gerrit ten Cate. Floris wol ek in wedstriid drave mar blykt de iennige dielnimmer te wêzen.

SADWAANDE_050602_LANGWAR

Sadwaande: Langwar

05 Juny 2002

Dizze Sadwaande giet oer Langwar. Yn dit wettersportdoarp is twaspjalt oer de stream fan toeristen. De iene fynt it moai en profitearret derfan, de oare fynt it te drok. We prate mei in foar- en in tsjinstanner wylst we farre mei havenmaster Menno Sappé. We prate ek mei oare minsken fan it doarp, lykas de winkelman, in ûndernimmer en in âld-fisker. Floris wit fan elkenien de nijste nijtsjes.

SADWAANDE_290502_STINZEPLANTEN

Sadwaande: Stinzeplanten

29 Maaie 2002

Dizze Sadwaande giet oer stinzeplanten. De planten bloeie al foardat de beammen yn it blêd komme en steane benammen by stinzen, lykas de Skierstins yn Feanwâlden, it Poptaslot yn Marsum en Martenastate yn Koarnjum. We hearre wêr't de planten weikomme en wat der sa bysûnder oan is. Ek sjogge we by in kweker en by biolooch D.T.E. van der Ploeg dy't alles oer stinzeplanten wit. Fansels kin Floris wol fertelle hoe't de stinzeplanten hjir telâne kommen binne.

SADWAANDE_220502_BOUWE_HARKEMA

Sadwaande: De Harkema

22 Maaie 2002

Dizze Sadwaande giet oer De Harkema. Wat opfalt is dat in soad Harkiten har eigen hûs bouwe, hoe komt dat? En wêr komt dy giele stien wei? We prate mei jonge boufakkers dy't yn eigen tiid har hûs bouwe en we sjogge by De Spitkeet, it âldste hûs fan it doarp. We hearre oer de skiednis en wat de aard fan de Harkiten is. Floris is gek op boufakkers, en dan benammen ien spesjaal plakje.

SADWAANDE_150502_FAKANSJEWURK

Sadwaande: Fakânsjewurk

15 Maaie 2002

Dizze Sadwaande giet oer fakânsjewurk. Wat komt der allegear by sjen? Wat wolle de minsken dy't in bybaantsje sykje en wat ferwachtsje de wurkjouwers? Op It Amelân is it lestich om minsken foar de hoareka te finen, we sjogge op it eilân. Ek prate we mei ien fan it útstjoerburo en ien fan de belestingtsjinst oer de rjochten en plichten. Floris hat ek in fakânsjebaantsje.

SADWAANDE_080502_LYTSEMUSEA

Sadwaande: Lytse musea

08 Maaie 2002

Dizze Sadwaande giet oer lytse musea. Fryslân hat tal fan lytse musea. Sûnt koart kinne se yn de beneaming komme foar in kwaliteitskarmerk. Oer wat de betingsten dêrfoar binne, hearre we fan museumkonsulint Mirjam Pragt. We sjogge ek by wat lytse musea: rock'n'rollmuseum yn Arum, it Damshûs yn Nij Beets en it Admiraliteitshûs yn Dokkum. Floris wol har museum ek oanmelde foar it karmerk.

SADWAANDE_010502_MUNENS

Sadwaande: Mûnen

01 Maaie 2002

Dizze Sadwaande giet oer mûnen. Fryslân hie in soad mûnen en der binne no ek in soad mûnen. We sjogge by ferskate types lykas de wettermûne (yn de polder) en de yndustrymûne (foar nôtmealjen of houtseagjen). We hearre oer de skiednis fan de mûnen en sjogge hoe't in mûne krekt wurket. Dat dogge we yn Wânswert, Drylts en Wâldsein. Op it Friesland College knappe learlingen in mûne op. Floris hat fansels ek wol wat mei mûnen.

SADWAANDE_240402_TERMINALETHUSSOARCH

Sadwaande: Terminale thússoarch

24 April 2002

Dizze Sadwaande giet oer terminale thússoarch. We hearre fan twa famyljes dy't gebrûk makke ha fan frijwilligers fan de terminale thússoarch by in famyljelid. En we hearre fan de frijwilligers wêrom't se dit wurk dogge.

SADWAANDE_100402_SALT

Sadwaande: Sâlt

10 April 2002

Dizze Sadwaande giet oer sâlt. It eardere sâltfabryk Frima, no Frisia, moat op syk nei nije winlokaasjes om te boarjen. Yn de buert is in soad protest en ferset fanwege de boaiemdelgong. We prate mei ferskillende partijen, it fabryk, tsjinstanners, boargemasters en boeren. Prinses op learzens soarget op eigen wize foar sâlt.

SADWAANDE_170402_FRYSKE_HANNEL

Sadwaande: Fryske hannel

17 April 2002

Dizze Sadwaande giet oer Fryske hannel. We sjogge werom op de hannelsmisje nei Sina dy't trije moannen lyn wie. Dêrby wie kommissaris Ed Nijpels en tal fan bedriuwen om te sjen oft se har produkten, fan kantoarmeubels oant promoasjemateriaal op de Sineeske merk ôfsette kinne. Floris betinkt har eigen eksportprodukt: Fryske dúmkes.

SADWAANDE_030402_ALDYNFRYSLAN

Sadwaande: Ald yn Fryslân

03 April 2002

Dizze Sadwaande giet oer âld yn Fryslân. Aldere minsken sitte net inkeld mear achter de geraniums, se komme foar har belangen op, dat sjogge we op It Hearrenfean. Ek leare se mei ynternet te wurkjen fia Seniorweb. En by Heemstra State is de soarch oars yndield en wurdt thús by de minsken jûn. Prinses op learzens wol fit âld wurde.

Pages