Hoe sjocht it libben fan in frachtweinsjauffeur derút? We folgje Jappie van der Werken ûnderweis, hy wurket foar it grutte transportbedriuw De Bruin út Surhústerfean, en we hearre hoe't it foar syn famylje is dat er twa wiken achterinoar fuort is. We sjogge ek op kantoar by De Bruin, se ha 650 frachtweinen op de dyk. By rydskoalle Greidanus yn Boalsert folgje we in learling dy't foar syn rydbewiis giet.
Di Gojim makket Klezmermuzyk, Jiddyske brullofts-en dûnsmuzyk. We sjogge by repetysjes en optredens. Jaap Mulder en Tseard Nauta fertelle oer it begjin fan de band en ek de oare leden komme oan it wurd. Klezmermuzykkenner Wim Bloemendaal giet yn op de skiednis fan en ynfloeden op de muzyk.
De partij Gemeentebelangen mei Reitze Ketellapper as listlûker docht it goed yn de gemeente Ljouwerteradiel. Ketellapper, autohanneler en dowehâlder, fertelt dêroer en we sjogge him oan it kampanjefieren. Ek jongeren wurde mear en mear aktyf yn de polityk, we folgje Esra Leeger (CDA) en Simone de Bruin (GrienLinks) yn de oanrin nei de gemeenteriedsferkiezingen.
Portret fan byldzjend keunstner Jan Loman fan Beetstersweach. Ta eare fan syn 80ste jierdei binne der ferskate tentoanstellingen. See en skippen komme yn syn (minimalistysk) wurk werom, hy fertelt deroer. Ek sjogge we him oan it wurk yn syn atelier en by it ynrjochtsjen fan in tentoanstelling. De Paerdemarct Fundatie is oprjochte om syn wurk te behearen. De eardere yngenieur by it Kadaster makke ûnder oare it logo fan de Waadferiening en makket haikû's.
Programma oer de Aldehou yn Ljouwert, eins in mislearre toer, mar no in toer om grutsk op te wêzen. Amateurhistoarikus Hendrik ten Hoeve fertelt oer de skiednis fan de toer dy't yn 1997 restaurearre is. By dy gelegenheid wie in konsert mei bakstiennen dêr't we de tariedingen ek foar folgje. De opknapte toer moat ek mear ynset wurde foar promoasjesaken.
Yn dit tredde diel fan de trijelûk giet it oer de krisis yn de roomske tsjerke, dy stie net mear yn ferbining mei de ûntwikkelingen yn de maatskippij. Pastoar Jan Romkes van der Wal fertelt oer dy ûntjouwingen. Yn Dronryp fuotballen roomske en net-roomske jonges mei-inoar, mar by it útgean waarden de net-roomsken net talitten yn it roomske gebou. Ek eardere ynterviewden út de oare twa dielen komme oan it wurd.
Yn dit twadde diel fan de trijelûk fertelle twa mannen dêr't se mei wrakselen yn har leauwe. Mebius Brandsma wie pastor, mar krige in relaasje en keas úteinlik foar de leafde. Meindert Krijnsen die de prysterstúdzje, mar keas úteinlik foar it ûnderwiis. Ek Bert van der Wal komt oan it wurd, hy folget de oplieding ta pryster.
Earste diel fan in trijelûk. We sjogge by de grutte Roomske tsjerke yn Boalsert. Suster Clara (Truus Palstra) en Sjoerd Palstra fertelle oer it leauwe en de rol fan de tsjerke yn har libben. Skriuwer Piter Boersma fertelt oer de oantinkens oan de tsjerke fan syn jeugd en de famylje Rypma komt oan it wurd oer de tsjerke en de gewoanten. De sfear, it sjongen, de gebrûken, kategismus, bycht, prosesje, grutte húshâldingen en de jongereferiening: it komt allegear foarby.
De kriminaliteit ûnder jongeren nimt mear en mear ta, der is geweld op strjitte, fernielingen en fandalisme en it begjint ek mear op jongere leeftiid. Yn dit programma folgje we in pear fan de jongeren dy't by Het Buro begelaat wurde om werom te kinnen nei de maatskippij, skoalle of wurk. De begelieders komme oan it wurd en we sjogge by de wurkplakken, lykas de fleanbasis en it Cambuurstadion. Yn de Ljouwerter wyk Wielenpôlle binne jongerewurkers ek aktyf.
De Ried fan de Fryske Beweging feroaret wat yn oanpak: fan earder stride tsjin allerhanne saken wurdt no mear sjoen nei hoe't minsken yn Fryslân yn de praktyk better gebrûk meitsje kinne fan de wetlike mooglikheden dy't der binne foar it Frysk en dat se it Frysk brûke. We sjogge de ôfgeande foarsitter Liuwe Westra flyerjen yn in doarp, we sjogge by de betinking fan de Slach by Warns, by Frysk Beweger fan de earste oere Durk van der Schaaf (riedslid FNP), by de gearkomste fan it Kristlik Frysk Selskip en by de Fryske studinteferiening Bernlef yn Grins.
We sjogge by de wrâld fan de hynstefokkerij en de hynstekeuring. De belangen yn dy wrâld binne grut. In goedkarde hynst smyt in soad jild op. De hynders wurde toand oan de ynspeksje op de ôfstammelingekeuring. We sjogge by de keuring en tal fan eigeners komme oan it wurd.
We folgje it Frysk Fanfare Orkest op wei nei it Wereld Muziek Concours (WMC) yn Kerkrade. Al twa kear ha se wrâldkampioen west, helje se dat no wer? We sjogge by de repetysjes, dirigint Jouke Hoekstra fertelt hoe spesjaal it orkest is om't de leden ek sosjaal in hechte klup foarmje. Ek folgje we twa leden fan it orkest: Durk-Jorrit van der Eems en Fenny Haagsma, se fertelle oer de bân mei har ynstrumint. En we folgje de dei fan it optreden, de reis derhinne, it wachtsjen, it optreden en de útslach fan de sjuery.