Mar ik sil stride!: Ried fan de Fryske Beweging

23 Novimber 1997

De Ried fan de Fryske Beweging feroaret wat yn oanpak: fan earder stride tsjin allerhanne saken wurdt no mear sjoen nei hoe't minsken yn Fryslân yn de praktyk better gebrûk meitsje kinne fan de wetlike mooglikheden dy't der binne foar it Frysk en dat se it Frysk brûke. We sjogge de ôfgeande foarsitter Liuwe Westra flyerjen yn in doarp, we sjogge by de betinking fan de Slach by Warns, by Frysk Beweger fan de earste oere Durk van der Schaaf (riedslid FNP), by de gearkomste fan it Kristlik Frysk Selskip en by de Fryske studinteferiening Bernlef yn Grins. Dat Friezen net oeral har memmetaal prate, hat û.o. te krijen mei de taalhâlding.