SADWAANDE_051201_TWILLINGEN

Sadwaande: Twillingen

05 Desimber 2001

Dizze Sadwaande giet oer twillingen. We prate mei trije twillingen fan trije generaasjes. Jan en Auke Smid ha itselde berop, Akke en Sjoerdsje Venema binne hast altyd by elkoar en Jacob en Pieter Miedema sille no foar it earst net nei deselde skoalle ta. Se fertelle oer de foar- en neidielen. Floris is fansels ek in twilling.

SADWAANDE_281101_STELLINGWERFS

Sadwaande: Stellingwerfsk

28 Novimber 2001

Dizze Sadwaande giet oer it Stellingwerfsk. We sjogge by de Stellingwarver Schrieversronte, dêr't it wurdboek makke wurdt en binne op in basisskoalle dêr't bern leskrije yn de eigen streektaal. En we sjogge by in koar dat ek yn it Stellingwerfsk sjongt. En Floris praat ek Stellingwerfsk.

SADWAANDE_211101_DEPRESJE

Sadwaande: Depresje

21 Novimber 2001

Dizze Sadwaande giet oer depresje. We prate mei twa pasjinten, in famyljelid fan ien fan har en in psycholooch oer dizze sykte. We sjogge ek by de beide sprekkers thús. Floris besprekt de foaroardielen.

SADWAANDE_071101_FRIJWILLIGERSWURK

Sadwaande: Frijwilligerswurk

07 Novimber 2001

Dizze Sadwaande giet oer frijwilligerswurk. We sjogge by ferskate soarten fan frijwilligerswurk. Je kinne dat dwaan út idealisme wei, byg. taalles jaan op it asylsikerssintrum, of omdat it leuk is. We sjogge yn Ljouwert by it sintrum wolwêzen foar âlderein. Op de CHN moatte studinten ferplicht frijwilligerswurk dogge foar de oplieding SPH. It frijwilligersstipepunt bemiddelet by it wurk. Floris docht ek allerhanne frijwilligerswurk.

180719_SADWAANDE_31_10_2001_GOLF.mp4

Sadwaande: Golf

31 Oktober 2001

Dizze Sadwaande giet oer golf. Yn Fryslân binne seis golfbanen. We sjogge by de nijste, yn Ljouwert en by de âldste, yn Beetstersweach. En we sjogge by de nijste fariant: pitch and putt. We prate mei ferskate golfers, wêrûnder de suksesfolle amateur Robert Schoonhoven. Floris is ek oan it golvjen.

SADWAANDE_171001_GERS

Sadwaande: Gers

17 Oktober 2001

Dizze Sadwaande giet oer gers. Der binne wol fyftich soarten gers yn Fryslân. We sjogge mei ekolooch Eddy Wymenga by de soarten yn it lânskip, by in feehâlder yn Aldeberkeap hoe't er soarten gers groeie lit dat goed foar de kij is. Ek sjogge we by in gersdrûgerij yn Loaiïngea. Floris hat in kwis mei siswizen.

SADWAANDE_260901_KOUDUM

Sadwaande: Koudum

26 Septimber 2001

Dizze Sadwaande giet oer Koudum, en dan spesifyk it doarpsfeest. Fanwege de oanslaggen fan 9/11 wie it feest hast oergien, mar der is dochs oars besletten. We sjogge by de optocht mei de fersierde wein, de tarieding dêrfan en ek fan de blommewein, op de merke, ringriderij, by it bekendmeitsjen fan wa't it Koudumer beantsje wurdt, ballonblazen en -oplitten troch de skoalbern en yn de feesttinte. Mar wat fynt de ymport eins fan it doarpsfeest? Floris komt der net mear.

SADWAANDE_270601_TINTE

Sadwaande: Tinte

27 Juny 2001

Dizze Sadwaande giet oer tinten. Fiif ferneamde Friezen dogge in wedstriid yn wa't it fluchst in tinte opsette kin. De kandidaten binne Alvestêdefoarsitter Henk Kroes en syn frou, skûtsjeskipper Allard Syperda mei frou, sjonger Jaap Louwes mei freondinne, boargemaster Loekie van Maaren en fierljepster Antke van der Wal mei in freondinne. Prinses op learzens sit yn in caravan.

SADWAANDE_200601_SWIMME

Sadwaande: Swimme

20 Juny 2001

Dizze Sadwaande giet oer swimme. We sjogge by swimparadizen, lykas de Blauwe Golf yn Ljouwert. Bern fine it moai, mar it is dreech om de eksploitaasje rûn te krijen. We sjogge by swimbad De Welle yn Drachten hoe't de suvering wurket en we sjogge by de swimles. En by trije talinten fan swimklup DZPC. Prinses op learzens docht oan syngroanswimmen.

180628_SADWAANDE_13_06_2001_BRIEVEN.mp4

Sadwaande: Brieven

13 Juny 2001

Dizze Sadwaande giet oer brieven. We prate mei twa jonges dy't it 'brievenbusproject' opset ha, om minsken wer oan it kaartskriuwen te krijen. Se ha in 100 meter lange brief mei lokwinsken foar it oansteande keninklik breidspear makke. We freegje minsken op strjitte ek om in kaart te skriuwen. We sjogge by it postsortearsintrum, by ien mei as hobby briefskriuwen en ien dy't noait post krijt. En we sjogge by it FLMD dêr't de brieven van Nynke van Hichtum bewarre wurde. Prinses op learzens is fereale op de postboade.

SADWAANDE_060601_FERTUTEARZJE

Sadwaande: Fertutearzje

06 Juny 2001

Dizze Sadwaande giet oer fertutearzje: rommel op strjitte, yn it wetter, hûnestront, kaugom op de dyk en graffity. We sjogge op it stasjon yn Ljouwert dêr't it ôffal faak net yn jiskebakken ferdwynt, net yn de treinen, net op de perrons en net by it busstasjon. We prate mei tal fan skjinmakkers en sjogge by it wykteam dat de Schepenbuurt kreas hâlde moat. En we hearre wat it Halt-buro docht mei jongeren dy't strafbere feiten plege. Prinses op learzens komt as famylje Flodder yn in kreaze wyk.

SADWAANDE_300501_ROZEDREAM

Sadwaande: De rôze dream

30 Maaie 2001

Dizze Sadwaande giet oer de rôze dream: swier wêze, befalle en bern krije. We sjogge op de kreamôfdieling fan it Antonius sikehûs yn Snits, prate mei memmen en ferpleechkundigen. Ek prate we mei in ferloskundige oer thúsbefallingen, in húsdokter dy't mear as 500 befallingen dien hat. En we hearre hoe't studinten oer bern tinke en fan âlden hoe't it is om bern te hawwen. En prinses op learzens is ek swanger.

Pages