Dizze Sadwaande giet oer Fryske boeken, nei oanlieding fan de start fan de Fryske Boekewike. Yn kafee De Gekroonde Roskam yn Wytmarsum besprekt Jan Pieter Janzen nij ferskynde Fryske titels. It Boekewikegeskink, Kuneara, is skreaun troch Akky van der Veer en se sit ek oan tafel. Fierder fertelt Joke Keizer oer de ynspiraasje fan har nijste boek, har beppes. En we sjogge by de Koperative Utjouwerij yn Boalsert. De Q wurdt sjoen as in 'lestige' klup dy't drege boeken útjout fan skriuwers lykas Trinus Riemersma.
Dizze Sadwaande giet oer netwurkje. NHL-dosint Anton Wachter jout dêr kursussen yn en leit út watst dwaan en net dwaan moatst. We sjogge ek by it frouljusnetwurk, dêr't 65 froulju by oansletten binne. It bestjoer fertelt oer nut en needsaak. En we sjogge by de sakeklup fan SC Hearrenfean. Tal fan mannen komme dêr by elkoar om te iten, te praten en kontakten te lizzen. Prinses op learzens is ek oan it netwurkjen of is it no 'net wurkje'?
Dizze Sadwaande giet oer hûnen. We sjogge by Trienke Tjepkema, se hat in Martin Gaus Hondenschool yn Terbant dêr't se treningen jout. Focco Huisman is hûnepsycholooch en behannelet hûnen. We sjogge ek by it wurk fan de HUS, Honden Uitlaat Service. Eigener Joca van der Mee fynt net dat se in hûnebaan hat. En we sjogge by Martin en Riki Tukkers op De Haule, se fokke bloedhûnen en ha al tal fan prizen wûnen. De keamer stiet fol mei bekers en oarkonden. Prinses op learzens is by de seehûnekresj yn Pieterburen.
Dizze Sadwaande giet oer it rydbewiis. We sjogge by in kandidaat dy't rydeksamen docht. En kenne fytsers en automobilisten de ferkearsregels wol? We binne by it CBR en sjogge by in rydles yn de frachtwein. En de Rijksuniversiteit Groningen is dwaande mei in proef, in blackbox moat begjinnende bestjoerders folgje. Prinses op learzens rydt op de motor.
Dizze Sadwaande giet oer de binnenstêd fan Ljouwert. It sintrum is koartlyn fernijd. Stêdeboukundigen lizze út wêrom't se foar de swarte stiennen keazen ha. Net elk is te sprekken oer de nije ferljochting. Wethâlders Bearn Bilker en Peter den Oudsten fertelle oer it projekt en we sjogge yn de kelders by de pipen, yn de grêften. Prinses op learzens is 'grachtwacht'.
Dizze Sadwaande giet oer humor. Wêr moatte minsken om laitsje? En wurket in grap mei in ferburgen kamera ek? We besykje it mei jild en in beurs oan in toutsje. Bern binne gek op moppen, se fertelle der in hiel soad. En we prate mei de Ljouwerter kabaretier Jan Jaap van der Wal dy't yn Ljouwert optrede sil. En Teake van der Meer stiet garant foar in jûn fol laitsjen. Prinses op learzen makket ek grappen.
Dizze Sadwaande giet oer stjerren. We sjogge by de Volkssterrenwacht yn Burgum, dêr skoot de koepel iepen om mei in flinke teleskoop de moanne en de planeten te besjen. By it Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer sjogge we by it âldst noch wurkjende planetarium fan de wrâld. En in astrolooch fertelt oer syn wurk. Prinses op learzens docht in winsk as se in fallende stjer sjogge
Dizze Sadwaande giet oer iten. We sjogge by kok Marcel Haven by restaurant Eindeloos. Fan de 'âlderwetske' griente knolselderij lit er ferskate tapassingen sjen. We leare oer hoe sûn ferskate soarten koal binne. Dick van der Snoek is alternatyf itenssaakkundige en kin fertelle wêr't minsken tekoart oan hawwe. Kulinêr saakkundige Wieke de Haan jout ienfâldige tips hoe'tst in krystmiel feestlik meitsje kinst. En we sjogge yn de keuken by in pear minsken wat se lekker fine. Prinses op learzens giet út iten by Yankee Doodle.
Dizze Sadwaande giet oer moade. We sjogge by Magister Alvinus yn Snits watfoar klean oft de learlingen oan hawwe. Der binne ferskate stilen: gabber, house, kak, alternatyf. De ien hat in 'hanenkam', de oar hat merkklean. We prate mei de ynkeaper fan kleanwinkel Skooter dy't boppe-op de trends sit, en wat is it nut fan bedriuwsklean? Ta beslút sjogge we by in kursus mannequin, hoe moatte je as model rinne? Prinses op learzens showt allerhanne klean.
Dizze Sadwaande giet oer boartersguod fan doe en no. We sjogge by it Van Haren Museum dêr't boartersguod fan eartiids is, en we sjogge wat de trends fan no binne, lykas de Furby. Ek kompjûterspultsjes binne populêr. By de famylje Kuiper yn Boalsert sjogge we hoe't se dêr mei omgeane. Ek sjogge we by de spultsjewinkel Spellekijn, dêr't Gerard Mulder sels in spul betocht hat dat ek echt op de merk útbrocht is. Prinses op learzens betinkt ek sels in spul.
Dizze Sadwaande giet oer wenjen. We sjogge by ferskate wenfoarmen. Joke Keizer yn Ljouwert ferhiert al jierren meubilearre keamers. En we sjogge by twa froulju, de iene wennet yn in wengroep, de oar wennet yn in foarm fan Centraal Wonen. En we sjogge by Heemstra State yn Oentsjerk dêr't âlderein wennet, mar yn itselde kompleks ek bso is en de muzykskoalle sit. It duo Prinses op learzens kin net kieze.
Dizze Sadwaande giet oer bernefeestjes. Earder wienen bernefeestjes thús, mar hieltyd faker wurdt dat bûten de doar hâlden. Der binne sels minsken dy'tst ynhiere kinst foar in bernefeest. We sjogge by Tine Bouma dy't mei de bern nei it sirkus giet, mar ek thús snoephappen docht. En de minsken fan Theater Quatsch trede op bernefeestjes op. It duo Prinses op learzens sil te karten.