LINKK 27: Oars as oars

30 Jannewaris 2004

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer oars-wêze. We prate mei trije learlingen fan it Lauwers College yn Bûtenpost. Har muzyksmaak is werom te sjen yn de klean, ien hâldt fan rap, de oar fan Nederlânsktalige muzyk en de tredde fan metal.