No Wy: Comenius

10 Septimber 1998

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering meitsje learlingen fan it Comenius yn Ljouwert in film oer de skoalle yn de takomst, in nij te bouwen skoalle op in sintraal plak dêr't alle skoaltypen yn komme moatte. Yn de projektwike NME (Natuur Milieu Educatie) geane se op besite by in aircobedriuw, in kompjûtersaak en oare skoallen om ideeën op te dwaan. It nije gebou moat learlingfreonlik, learfreonlik en miljeufreonlik wurde.