Om Utens: Kees Riemersma

15 April 1999

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portrettearre dy’t bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer Kees Riemersma út Warkum. Hy is frijwilliger foar VSO-Nederland. Dat is in organisaasje dy’t de kwaliteit fan de skoallen, soarch en it bestean yn Afrika en Azië ferbetterje wolle. Riemersma wurke twa jier as learaar technysk tekenjen op de Mikunguni Secundary School in Stonetown op it Afrikaanske eilân Zanzibar.