Om Utens: Welmoed Laanstra

29 April 1999

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portrettearre dy’t bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer Welmoed Laanstra út Ljouwert. Yn earste ynstânsje wie se net fan doel om yn New York te wenjen, mar troch har reis nei Amearika seach se de mooglikheden dy’t de stêd har biede koe. No is se keunsthanneler yn New York.