Sa seach ik Fryslân 1: Johan van der Zee

16 Maaie 1993

Rige programma's dêr't Geart de Vries mei Fryske filmmakkers praat en hoe't sy Fryslân sjogge. Yn diel ien praat er mei programmamakker Johan van der Zee oer syn reportaazjes dy't er oer Fryslân makke foar it telefyzjeprogramma Van gewest tot gewest. Syn earste ûnderwerp wie it muzykkorps fan De Harkema, de amateurs spilen op it Holland festival. Ek sjogge we bylden fan fisker Freark Siekmans dy't op in eilantsje by Grou wennet (1968), de Transvaalwyk yn Ljouwert (1974), beropsskipper Jelle Hoogeveen dy't net mear farre mei (1979) en de tariedingen op it stik 'De ûndergong fan Fryslân' fan Tryater (1991). Van der Zee kaam fan de Rono (radio) en moast yn in moanne leare om mei byld te montearjen. Yn de rin fan de tiid waarden de bydragen mear maatskippijkritysk en kaam ek mear romte foar de Fryske kultuer.