Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Trije_oersetters

De oersetters: Klaas Bruinsma, Eric Hoekstra en Piet Brouwer

23 Jannewaris 2005

Portret fan trije oersetters dy't klassikers út de wrâldliteratuer nei it Frysk oersette. Klaas Bruinsma set in hiel soad oer, no is er dwaande mei wurk fan de Grykske skriuwer Homerus. Eric Hoekstra set wurk oer fan filosoof Friedrich Nietzsche en Piet Brouwer hat de Divina Commedia: de godlike komeedzje oerset fan Dante Aligieri. Se fertelle oer har wurk en driuwfear. Ek útjouwers Steven Sterk en Louw Dijkstra komme oan it wurd.

LTV_EMIGRANTEN_1

Emigranten: Tusken Kanada en Fryslân

04 Septimber 1994

We sjogge yn dit programma by Friezen yn Kanada. Alle jierren treffe sa'n 3.000 Friezen inoar sûnt 1968 yn Ontario op de Friezendei. Se sjonge Fryske lieten, keatse en kinne Frysk guod keapje. Oprjochter en foarsitter is Luut Miedema, oarspronklik fan Bûtenpost, no hat er in grut slachtersbedriuw. We folgje him, ek as er werom is yn it heitelân en dêr âld-Ynjegongers treft en by Teake van der Meer delgiet om te freegjen oft er op toernee troch Kanada wol. Ek mei argyfbylden fan it Polygoonsjoernaal oer emigraasje en de Holland-Amerikalijn.

Sybe Satellyt 0104

Sybe Satellyt 0104

29 Jannewaris 1991

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht by it ferwurkjen fan ôffal, yn Fryslân is dêr gjin plak foar. Mei de skoop sjocht Sybe yn Grins by de Vagron. Ek rint er mei de hûn Sjef yn Ljouwert dêr't er tal fan ferkearsbuorden tsjinkomt by strjitten dêr't er net yn mei. Ek praat er mei ien dy't op in skip, in sânsûger, op de Pikmar by Grou sân út it wetter hellet foar de nije dyk dy't by Ljouwert oanlein wurdt. Ek is Sybe op de skoalle De Wringe yn Burgum.