Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180716_SADWAANDE_OER_FRYSKE_ADEL_26_04_2000.mp4

Sadwaande: Adel

26 April 2000

Dizze Sadwaande giet oer Fryske adel. We sjogge thús by Tjalling van Eysinga en syn frou Antoinette van Eysinga-van Nievelt yn Sint-Nyk. Ek al binne se fan adel, se binne hiel gewoan. We sjogge ek by it lân, der binne rekreaasjewenten en in golfbaan en by Boschoord. Histoarikus Yme Kuiper fertelt oer De Klinze, en de eardere bewenner Hobbe Baerdt van Sminia. En we sjogge by Schatzenburg yn Dronryp, dêr fertelt jonker W.F.G.L. van Beyma ûnder oare oer de restauraasje. Ta beslút wurdt útlein wat der te sjen is op famyljewapens. En prinses op learzens wol ek blau bloed.

Tet fan it stoart 1: Sinne fan papier

Tet fan it stoart 1: Sinne fan papier

08 Septimber 1998

Tet fan it stoart is in programma fan skoaltelefyzje. Presintatrise Maaike Schuurmans spilet Tet, in keunstneres dy't op it stoart nei materialen siket. Se komt ferskate saken tsjin dy't dêr net hearre. By de Haskerfjildkoalle op De Jouwer helje se âld papier op dêr't wer aaidoaskes fan makke wurde. Fierder fertelt Kees Iepema fan Boksum oer syn sinnepanielen.

Spegels: NNO keamermuzyk, Mesdag en Frysk Boekebal

Spegels: NNO keamermuzyk, Mesdag en Frysk Boekebal

26 Febrewaris 1999

Yn it kultuerprogramma Spegels sjogge we by in konsert fan it NNO, keamermuzyk mei seis strikers, Douwe Heeringa sjocht by de útstalling fan skilderijen fan Mesdag yn it Fries Museum en der is in reportaazje oer it Fryske Boekebal. It geskink is Gomorra fan Benny Holtrop. Dichteres Albertina Soepboer fertelt oer har wurk en draacht foar út de bondel It Nachtlân. Durk Hibma fan It Fryske Boek fertelt dat it goed giet mei Fryske útjeften. Ek binne der optredens fan Sietse de Vries, Johan Veenstra, Piet Paulusma en Ernst Langhout.