Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0705

Sybe Satellyt 0705

24 Jannewaris 1997

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht by Museum De Jouwer hoe't earder kofje makke waard, fan beannen. Ek praat er mei sjoernalisten fan de Ljouwerter Krante en sjocht er op de redaksje en hoe't de krante makke wurdt. En Joop en Janneke Veenstra fertelle wat belslydsjeien is en dêr ha se klean by oan út eardere tiden.

LINKK 22: Miljeu

LINKK 22: Miljeu

21 Maart 2003

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer it miljeu, oer enerzjy en ôffal. We sjogge by minsken dy't kontrolearje oft der yllegaal ôffal dumpt wurdt yn de natuer.

Boppeslach: Dreamteam fan 'e Greiden, diel 1

Boppeslach: Dreamteam fan 'e Greiden, diel 1

08 Oktober 2001

Yn it sportprogramma Boppeslach folgje we it Dreamteam fan 'e Greiden, de fuotballerkes fan F3 fan Easterlittens. We sjogge by de tarieding yn de boks, wa is keeper en wa oanfierder. Se moatte tsjin Zeerobben út Harns spylje, in makky. It dreamteam wint mei 10-0.