Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Boppeslach: De Harkema - Forward

Boppeslach: De Harkema - Forward

05 Juny 2000

Yn Easterwâlde waard de beslissingswedstryd spile tusken Harkema Opeinde en Forward. Ynset is in plak yn de twadde klasse. As De Harkema ferliest, dan degradearje se nei de tredde klasse.

Gearfetting Alvestêdetocht 1997

Gearfetting Alvestêdetocht 1997

05 Jannewaris 1997

Yn dizze gearfetting fan de Alvestêdetocht fan 1997 kinne jo ûnder oare sjen nei: de start en de finish fan de tocht, de sfear tidens de tocht en de ferwûne riders yn it sikehûs.

HJOED_050296_RepoSolexrace

Soleksrace op iis op De Jouwer

05 Febrewaris 1994

Op de Jouster iisbaan is it WK soleksrace op iis. Tritich dielnimmers, lid fan de klup AOW (Altijd Onder Weg) dogge mei oan de wedstriid. Wille is belangriker as winne. It giet net sa hurd, want it iis is sa glêd dat de bestjoerders mei de fuotten remje moatte.