Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180706_SADWAANDE_OER_FUGELS_24_03_1999.mp4

Sadwaande: Fûgels

24 Maart 1999

Dizze Sadwaande giet oer fûgels. We sjogge by in parkiteman dy't al 40 jier parkiten hâldt en der ynternasjonaal sukses mei hat. Mei fûgelteller Romke Kleefstra binne we yn it lân om de guozzen te tellen en we prate mei neisoargers by Grou. De konservator fan it Fries Natuurmuseum fertelt allerhanne saken oer fûgels.

Frozenland: twa dagen muzykfestival yn Ljouwert

Frozenland: twa dagen muzykfestival yn Ljouwert

05 Juny 1998

Frozenland, ûnderdiel fan Fryslân 500, is in muzykfestival fan twa dagen by Ljouwert. Der komme minder besikers as ferwachte, mar de sfear is goed. Uteinlik binne 6.000 kaarten ferkocht. Der is in gat yn de begrutting fan 30.000 gûne. Der binne fiif poadia, ien fan de headliners is Run DMC, mar ek Fryske acts as Reboelje dogge mei en it lêste optreden fan Simmer is dêr.

LTV Wat in wurk: De lytse selsstannige

LTV Wat in wurk: De lytse selsstannige

27 April 1989

Portret fan de buertsuper yn Turns. Jan Bootsma wie earder bakker en bakt no noch trije dagen yn de wike en hat mei syn frou in lytse winkel mei iten. Guon klanten komme der al 40 jier. Hy besoarget de boadskippen ek bûtenút, en komt ek by Tsjerkje fan kafee De Klieuw. Yn Penjum is ek in buertsuper, de eigener kombinearret it mei in pizzeria. Jan Hettinga fan Feriening Lytse Doarpen fertelt oer it belang fan winkels op de doarpen. Ek sjogge we by in kursus foar jonge ûndernimmers.