Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Spegels: Karnaval Tilburch en Benny Holtrop

Spegels: Karnaval Tilburch en Benny Holtrop

19 Febrewaris 1999

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn dizze útstjoering folget Spegels Friezen dy't nei it karanaval yn Tilburch gean. En in reportaazje oer Benny Holtrop, skriuwer fan it bernewike geskink.

Befrijdingsfestivals yn de jierren '90

Befrijdingsfestivals yn de jierren '90

05 Maaie 1994

In kompilaasje fan de Befrijdingsfestivals yn Ljouwert yn 1994, 1995, 1996, 1997 en 1998; mei artysten as 2Unlimited, Marco Borsato, Trijntje Oosterhuis, en De Kast dy't op de Dam yn Amsterdam optreedt.

LTV_Nij_lan_alde_grun_1

LTV: Nij lân, âlde grûn diel 1

20 Oktober 1996

Earst diel fan in trijelûk oer Fryske boeren op syk nei in nije takomst yn de eardere DDR. Mei hege rentesubsydzjes, EEG-preemjes en lege pachtprizen waarden de nije boeren ynhelle. Yn de measte gefallen waard der in grutskalich kollektyf lânboubedriuw oernommen, in saneamde "landwirtschäftlichen Produktiongenossenschaft" (LPG).It soe de measten net tafalle: "As ik witten hie wat ik no wit, wie ik der noait oan begûn", seit Willem Breitsma, Fryske boer yn it East-Dútse Dahnsdorf. Dizze ôflevering giet oer Piet Sake de Boer en Ria Kamminga yn Brädikow.