Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Linkk Ekstra: Do makkest teater 4

Linkk Ekstra: Do makkest teater 4

14 Febrewaris 2003

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, giet oer teater. Yn diel 4 sjocht Jildou de Vries by it wurk achter de skermen by in foarstelling of optreden. Dizze kear giet it oer produksje en logistyk. Hoe komt it publyk by de artyst en oarsom. Se praat mei Bauke Algera en Dick Jaarsma, dy't beide konsert-promotor binne. Ek sjocht se by de galery fan Anita van Os. Dêr kinne keunstners har wurk oan it publyk toane en ferkeapje.

7de klasse A 16: Zeester - Snits

7de klasse A 16: Zeester - Snits

07 April 2003

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. Wedstriid Zeester - Snits. Spilers Snits kinne fuotbalfjild fan de Zeester net fine.

Spegels: De Jeugdharmonie, CD van Linde Nijland en de SLAL

Spegels: De Jeugdharmonie, CD fan Linde Nijland en de SLAL

08 Jannewaris 1999

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn de earste útstjoering fan 1999 is der in reportaazje te sjen oer it stik Klaas en Klaske, fan toanielferiening De Jeugd Harmonie. En Douwe giet yn petear mei Linde Nijland oer har solo CD. En in reportaazje oer Schrijvers Centraal yn de Harmonie. In jûn foar lêzers en skriuwers om mei inoar yn de kunde te kommen, organisearre troch Stichting Literaire Activiteiten Leeuwarden.