Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_RIDERIJEN_110201_WR

Rijderijen in Frieschen trant: skiednis fan it koartebaanriden

11 Febrewaris 2001

It koartebaanriden wie foar de oarloch populêr yn Fryslân. Al yn de 18de iuw skreaunen kastlein wedstriden út - foar de manlju 160 meter en 140 foar de froulju - en rieden de winners om prizen. De reedrydwedstriden lutsen grutte kloften publyk. Ald-kampioenen, lykas Atje Keulen-Deelstra, komme oan it wurd en saakkundige Hedman Bijlsma fertelt oer de skiednis. Neist prizen is der ek in soad argyfbyld te sjen. Ek Thialf op It Hearrenfean hat in baan foar de koartebaanwedstriden.

Sybe Satellyt 0206

Sybe Satellyt 0206

18 Febrewaris 1992

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma oer Sybe dy’t mei syn satellyt oeral hinne kin. Mei syn hûn Sjef belibbet er elke dei wer wat oars. Yn dizze útstjoering hat Sybe in nachtmerje oer de toskedokter en leit Arda Alkema út oer toskpoetsen. Dêrnei giet Sybe nei in tentoanstelling oer terpen fan it Fries Museum en nei de iepenbiere basisskoalle de Vosseburcht yn Ljouwert.

LTV_FERHUZING_FRIES_MUSEUM_250104_WR

Heakken en oezen: by de ferhuzing fan it Fries Museum

25 Jannewaris 2004

Arsjitekt Abe Bonnema liet 18 miljoen euro nei foar it Fries Museum mei as betingst dat der nijbou komme soe op it Ljouwerter Saailân/Wilhelminaplein. Net elk hat der betrouwen yn dat de kolleksjes goed foar it fuotljocht komme, lykas it Keninklik Frysk Genoatskip dat mei in grutte kolleksje de basis fan it museum is en ek de Ottema-Kingma Stichting hat fragen. Meiwurkers fan it Fries Museum komme oan it wurd en litte in soad fan de kolleksje sjen, skilderijen tekstyl, ierdewurk en sulver. En dan is der noch de fraach wat mei de pannen oan de Turfmerk barre moat.