Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

No Wy: Lauwers College

No Wy: Lauwers College

01 Septimber 1998

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering meitsje learlingen fan it Lauwers College yn Bûtenpost in film oer NME, Natuurlijke Medische Epidemie. Learlingen wurde siik en se sykje nei in medisyn. Tagelyk meitsje de learlingen ek in film oer de projektwike NME, Natuur Milieu Educatie, dy't op skoalle hâlden wurdt. Dêryn is omtinken foar it miljeu, lykas it skieden fan ôffal. Se freegje leararen wêrom't dy mei de auto nei skoalle komme wylst se mar in pear kilometer fierderop wenje.

LTV_ROOMS_YN_FRYSLAN_3_010298_WR

Roomsk yn Fryslân: diel 3: Tsjerke yn krisis

01 Febrewaris 1998

Yn dit tredde diel fan de trijelûk giet it oer de krisis yn de roomske tsjerke, dy stie net mear yn ferbining mei de ûntwikkelingen yn de maatskippij. Pastoar Jan Romkes van der Wal fertelt oer dy ûntjouwingen. Yn Dronryp fuotballen roomske en net-roomske jonges mei-inoar, mar by it útgean waarden de net-roomsken net talitten yn it roomske gebou. Ek eardere ynterviewden út de oare twa dielen komme oan it wurd.

Sadwaande: tonger, Beerenburg en isolearje

Sadwaande: tonger, Beerenburg en isolearje

03 Desimber 1997

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. Nije fakatueres, ûndernimmers fan it jier en wa is de bêste kollega, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear: tonger, Beerenburg en isolearje.