Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Heartbreak Hotel op Skylge

Wurktiid TV: Heartbreak Hotel op Skylge

02 April 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de opbou fan strântinte Heartbreak Hotel op Skylge dat elke simmer wer boud wurde moat. It falt net altyd ta om goed personiel te finen. Bêste kollega is Arie Wiersma, hy wurket by in Jouster boubedriuw en sil mei de VUT. By parketsaak Stoelwinder yn Harns sykje se in wurknimmer.

Om Utens: Lút Zylstra yn Tanzania diel 1

Om Utens: Lút Zylstra yn Tanzania diel 1

10 Febrewaris 1999

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portrettearre dy’t bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer Lút Zylstra út Koudum. Hy hat in projekt opset om de melkfeehâlderij fan de grûn te krijen yn Tanga, Tanzania. Yn diel ien fan dizze Om Utens sjogge we in dei fan Lút Zylstra syn drokke libben.

LTV Flechtdoarp Noardwâlde

LTV Flechtdoarp Noardwâlde

15 Oktober 2000

Dizze sneinsdokumintêre giet oer it reidflechtersdoarp Noardwâlde.