Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Fan fan: Jeffrey Talan

Fan fan: Jeffrey Talan

31 Augustus 1998

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurdt Jeffrey Talan it himd fan it liif frege troch Roelof Postma (12 jier). De fuotballer fan SC Hearrenfean komt by him thús op de pleats.

LTV_GEURT_BUSSER_FR_241102_WR

'Ik wol skilderje': portret fan Geurt Busser

24 Novimber 2002

Geurt Busser is lânskipsskilder. Al syn libben lang makket er akwarellen fan de natuer en dan benammnen it Waad en it wetter. We sjogge him oan it wurk yn de bûtenloft, yn waar en wyn, dat is syn atelier. Mei de camper rydt er teplak of mei de boat fart er út en lit er him drûchfalle. Nei in koart skoft op de keunstakademy hat er it himsels leard.

Tryater: TWA diel 2

Tryater: TWA diel 2

03 Jannewaris 1999

Diel 2 fan de foarstelling 'Twa' fan Tryater, spile yn kafee Plantinga yn Rie.