Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

7de klasse A 02: Donkerbroek - Snits

7de klasse A 02: Donkerbroek - Snits

16 Septimber 2002

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. Dizze wike: Donkerbroek - Snits 4-2.

LTV Wat in wurk: De boufakker

LTV Wat in wurk: De boufakker

13 April 1989

Portret fan it wurk yn de bou. We sjogge by Ynte Kuindersma dy't by in lytse oannimmer op De Jouwer wurket en ferskate putsjes deis docht as allround timmerman, lykas in ferrot kajút of lekkaazje. Ek sjogge we by de bou fan in hege flat yn Ljouwert. Dêr wurkje tal fan minsken oan mei grutte kranen. Yn de bou barre in soad ûngelokken. De Arbeidsynspeksje sjocht ta op de feilichheid. Ek sjogge we by learling-boufakkers.

Sybe Satellyt 0308

Sybe Satellyt 0308

20 April 1993

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy praat mei Jaap Bruin oer gemysk ôffal. Sake Roodbergen set stokken út om nêsten fan ljippen te beskermjen. Sjef krijt fanmail fan Dribbel út Aldemardum. Mei Aad Hartman sjocht Sybe yn de kassen dêr't ûnder oaren paprika's ferboud wurde.