Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0406

Sybe Satellyt 0406

15 Febrewaris 1994

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sa sjocht Sybe by it wurk dat se dogge yn de Brandaris op Skylge. Henk Wortel jout útlis. Ek sjocht er by bioboer Thom de Groot yn Goattum by Grou. Hy wegeret syn kij earmerken yn te dwaan. De blusboat fan Grou moat Sybe fan de Pikmar rêde. En hy sjocht by de útfining op de Skoalfinne dêr't de bern in yntelliginsjetest betocht ha.

Boppedat: BCV Burgum - Hurdegaryp 1994

Boppedat: BCV Burgum - Hurdegaryp 1994

30 Maaie 1994

De fuotbalkompetysje yn it amateurfuotbal is noch hieltyd net ôfrûn, want de neikompetysje is noch yn folle gong. Wy keazen der ien wedstryd út dit wykein, BCV Burgum tsjin Hurdegaryp, yn de tredde klasse A fan it sneonsamateurfuotbal. BCV hie oan ien punt genôch om foar promoasje noch te spyljen tsjin de winner fan de neikompetysje fan de tredde klasse B; Holwierde is dat. As Hurdegaryp winne soe, dan spilen dy foar promoasje. Yn elk gefal wie it in wichtige wedstryd foar de twa rivalisearjende doarpen Burgum en Hurdegaryp.

Hjoed: skorsing Ulbe Zwaga

Hjoed: skorsing Ulbe Zwaga

01 Maart 2003

De skorsing fan Ulbe Zwaga is werombrocht fan libbenslang nei trije jier.