Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_EMIGRANTEN_1

Emigranten: Tusken Kanada en Fryslân

04 Septimber 1994

We sjogge yn dit programma by Friezen yn Kanada. Alle jierren treffe sa'n 3.000 Friezen inoar sûnt 1968 yn Ontario op de Friezendei. Se sjonge Fryske lieten, keatse en kinne Frysk guod keapje. Oprjochter en foarsitter is Luut Miedema, oarspronklik fan Bûtenpost, no hat er in grut slachtersbedriuw. We folgje him, ek as er werom is yn it heitelân en dêr âld-Ynjegongers treft en by Teake van der Meer delgiet om te freegjen oft er op toernee troch Kanada wol. Ek mei argyfbylden fan it Polygoonsjoernaal oer emigraasje en de Holland-Amerikalijn.

Wurktiid TV: Mannen wurkje dei minder om by de bern te wêzen

Wurktiid TV: Mannen wurkje dei minder om by de bern te wêzen

20 Desimber 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer dat mannen in dei minder wurkje of in dei thús wurkje om mear by de bern en de opfieding belutsen te wêzen.
B. van der Meulen wennet yn Drachten en wurket by Rykswettersteat yn Ljouwert. Hy telewurket ien dei thús sadat er mear by syn dochter wêze kin. A. van der Meulen wurket by Stertil en hat ien dei ynlevere om mear thús wêze te kinnen en de soarch mei syn frou earliker te dielen. A. de Pree fan it emansipaasjebedriuw hat ûndersyk dien en mannen ynterviewd dy't minder wurkje.

OEROL_1995_WR

Reportaazjes Oerol 1995

09 Juny 1995

De fjirtjinde edysje fan Oerol yn 1995 begûn mei in spesjale trein út Amsterdam wei. Goed 20.000 minsken makken it earste wykein fan it festival mei. Twa reportaazjes út Hjoed fan 9 en 12 juny 1995, oer Oerol 1995 dat as tema 'Frankryk' hie.